Eisma nimt útjouwerij oer

Eisma Media Groep
Eisma Media Groep yn Ljouwert hat in útjouwerij yn Doetinchem oernaam. It giet om Basta Publishers en dan yn it bysûnder om trije papier- en online útjeften. Mei de oankeap gean fjouwer meiwurkers en in groep freelancers mei oer nei Eisma.
De Eisma Media Groep hat festigings yn Ljouwert en yn Doetinchem. By in bedriuw wurkje goed hûndertfyftich fêste krêften en hûnderten freelancers.