ABN nimt ek Fryske stikken oan

© Omrop Fryslân
De ABN AMRO-bank akseptearret tenei ek Frysktalige dokuminten. Antydiskriminaasjeburo Tûmba yn Ljouwert hie dêr op oantrune, neidat fan Fryske beweger Durk van der Schaaf in ferklearring fan erfrjocht troch de bank wegere wie, omdat dy yn it Frysk skreaun wie. Van der Schaaf fûn dat diskriminaasje en melde him by Tûmba. Nei in petear hat de bank ekskúzes oanbean.
ABN AMRO akseptearret tenei ek Fryske dokuminten. Eventuele kosten foar in oersetting nimt de bank ek foar syn rekken.