Rene van der Weij nei ONB

© AWfoto
Fuotballer René van der Weij ferruilet takom seizoen Harkemase Boys foar ONB. De Drachtster klup komt út yn de twadde klasse snein. "ONB is een echte volksclub en ze spelen bovenin mee.", sa motivearret Van der Weij syn keuze. ONB, dat traint wurdt troch René de Jong, de broer fan SC Cambuur trainer Henk de Jong, stiet op it stuit fjirde.
Van der Weij tekene syn earste profkontrakt yn 2003 by SC Hearrenfean, mar helle nea it earste. Fan 2004 ôf spile hy fjouwer seizoenen by SC Cambuur. De lêste trije jier wie Van der Weij aktyf by de Boys.