Jildpine by Wettersportbûn

Fryske leden hawwe noed oer de finansjele problemen fan it Wettersportbûn. Oer 2011 is der in tekoart fan goed fiif ton. Oarsaak binne de grutte bedragen dy't útjûn wurde oan topsport, bygelyks oan sponsoring fan sylster Marrit Bouwmeester fan Warten.
It Wettersportbûn sil de kommende tiid besjen wêr't besunige wurde kin. It kin ek betsjutte dat yn de takomst de kontribúsje foar de leden omheechgiet.