Oplichter Gaatze B. jout ta

Gaatze B. fan De Westereen jout ta dat er in oplichter is. Dat die er freed by de rjochtsaak dy't tsjin him tsjinnet. B. wurdt derfan fertocht 59 ynvestearders foar mei-inoar fjouwer miljoen euro oplichte te hawwen. Hy soe him ek skuldich makke hawwe oan falskheid yn geschrifte.
By de rjochtsaak binne in soad dupearren oanwêzich. Dy binne troch Gaatze 30.000 oant hast 280.000 euro kwytrekke. Yn de rjochtsseal wurde harren ferhalen ferteld.