"Spoarbomen net nei ûnderen"

© Omrop Fryslân, Gerko Jonker
Neffens omstanners en passazjiers yn de trein Ljouwert-Grins soene de spoarbomen net del west hawwe by in botsing mei in auto. Dat kin de plysje net befêstigje. Omdat de Oostergowei in drokke spoaroergong is, hawwe in soad minsken de oanriding sjoen. Foar harren is slachtofferhelp ynskeakele. It ûngelok wie freedtemoarn.
De 84-jierrige bestjoerder fan de auto út Ljouwert is yn 'e rin fan de moarn ferstoarn. Hy kaam op de oergong yn de Oostergowei yn Ljouwert yn botsing mei de trein nei Grins en waard tsientallen meters meisleept.