Dassehol fernield yn 'e Wâlden

13 apr 2012 - 11:57

Yn de noardlike Fryske Wâlden is in dassehol stikken makke. Under oare de yngongen fan de 'dassenburcht' binne mei tûken tichtmakke, sadat de das der net mear yn of út koe. Steatsboskbehear kaam de fernielerij krekt boppe Drachten tongersdei op it spoar en hat gjin idee wa't derachter sit. De lizzing fan it hol wie bewust stilhâlden. It iennige spoar dat se oantroffen hawwe, is in ôfdruk fan in hûnepoat.

Neffens Steatsboskbehear komt it net faak foar dat de das sa bot nei it Noarden ta oplûkt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)