Badwei op Flylân wurdt opknapt

13 apr 2012 - 11:03

Op Flylân wurdt kommende moandei begûn mei it opknappen fan de Badwei. Der komme nije stiennen te lizzen, de ôffier fan reinwetter wurdt ferbettere en der komme ek nije strjitlampen.

Troch it wurk is de dyk sa'n tsien wike lang allinnich tagonklik foar kuierders en fytsers. Auto's dy't nei it badhotel en de simmerhúskes yn de dunen wolle, moatte omride.

Trefwurden: 
Badwei
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)