Auto meisleept troch trein

13 apr 2012 - 09:34

By de spoarweioergong oan de Oostergowei yn Ljouwert is freedtemoarn in auto yn botsing kaam mei de trein tusken Ljouwert en Grins. De auto is tsientallen meters meisleept troch de trein. De bestjoerder rekke dêrby swierferwûne. De man is letter oan 'e ferwûnings ferstoarn. Wat krekt bard is, wurdt noch ûndersocht.

Troch it ûngelok ride der gjin treinen tusken Ljouwert en Hurdegaryp. Der wurde bussen ynset. Dat kin noch wol oan healwei ienen duorje.

Trefwurden: 
trein
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)