'Mear ûndernimmers foar Oerol'

Skylge © Omrop Fryslân
Mear Skylger ûndernimmers moatte har ynsette foar it behâld fan it Oerol-festival. Dat fynt sjonger en kafeebaas Hessel. Ofrûne tiisdei wie der in gearkomste om ûndernimmers te freegjen om it Oerol-festival te stypjen. De festivalorganisaasje hopet dat ûndernimmers promoasje-aksjes foar Freonen fan Oerol opsette wolle.
Neffens Hessel is it tal ûndernimmers dat him ynset foar it festival fierstente lyts, wylst wol hast elkenien profyt hat fan Oerol.