'Mooglik 600 banen fuort FB'

12 apr 2012 - 22:23

De wurknimmers fan de Friesland Bank binne bot benaud harren baan te ferliezen troch de fúzje mei de Rabobank. En as se harren baan al hâlde kinne dan binne se benaud dat se dêrfoar ferhúzje moatte. Dat die tongersdei bliken op de byienkomst fan de fakbûnen.

Neffens it fakbûn geane der binnen it bedriuw geruchten dat de fúzje úteinlik 600 banen kostje sil. En dat soarget foar in protte ûnrest en fragen. Op de byienkomst kamen goed 150 minsken ôf. De fakbûnen geane op 9 maaie opnij mei de direksje om de tafel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)