Olympics-komitee tefreden

12 apr 2012 - 22:12

De kâns is grut dat Fryslân yn 2014 de Special Olympics foar Nederlân organisearje mei. Tongersdei makke in delegaasje fan it organisearjende komitee in gong troch Fryslân om de ferskate lokaasjes te besjen.

Sa gong it selskip ûnder oaren nei it Abe Lenstrastadion, Sportstêd Hearrenfean en Ruitersportsintrum Snits. Se seagen derby benammen nei de tagonklikens fan de lokaasje en oft der genôch romte is foar de tûzenen dielnimmers. De delegaasje wie oer it algemien bot te sprekken oer Fryslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)