Bedriuwen keapje beammen

12 apr 2012 - 15:57

De Stichting Bomenridders yn Ljouwert hopet dat safolle mooglik bedriuwen meidogge oan 'bedrijven voor bomen'. In bedriuw kin in beam keapje en op gemeentlike grûn sette.
Sa wurdt de stêd griener en kin bedriuwen harren griene ambysjes yn de praktyk bringe. De Keamer fan Keaphannel donearde tongersdei as earste in beam. Oan de rûnwei fan Ljouwert stiet no in boekebeam mei in plakkaat fan de Keamer fan Keaphannel. It ûnderhâld fan de beammen fan bedriuwen is wol foar rekken fan de gemeente.

De gemeente Ljouwert is bliid mei bedriuwen foar beammen. Sels hat de gemeente 44.000 beammen. Dêr wurde alle jierren tusken de 3.000 en 5.000 byplante. Mar dat moat sa goedkeap mooglik en dus binne dat faak lytse beammen.

Trefwurden: 
beam bedriuw
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)