Vandenbussche twa duels skorst

12 apr 2012 - 15:36

Brian Vandenbussche is troch it KNVB nei syn reade kaart tsjin Ajax foar twa wedstriden skorst. Dat bestjut dat de Belgyske doelman de kompetysjewedstriden tsjin NEC en Vitesse op 'e tribune sitte moat.

Vandenbussche helle yn de wedstriid tsjin Ajax al nei twa minuten Siem de Jong hurd ûnderút. Hy krige fan skiedsrjochter Kevin Blom de reade kaart. Hearrenfean ferlear de wedstriid kânsleas mei 5-0. Twadde doelman Kristoffer Nordfeldt sil tsjin NEC en Vitesse Vandenbussche ferfange.

Trefwurden: 
fuotbal SC Hearrenfean
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)