Gjin maatregels plysje-aksje

Plysje-aksje © Omrop Fryslân, Miranda Werkman
Boargemaster Crone nimt gjin maatregels tsjin de wylde plysje-aksjes fan woansdei. Doe hâlden plysje-auto's en motoaren it ferkear op de rûnwei fan Ljouwert op troch stadich te riden. Dêrtroch ûntstiene flinke ferkearsopstoppings. Earder op de dei hiene de plysje-minsken op inisjatyf fan de fakbûnen it wurk foar in heale dei dellein. Se fiere aksje foar in bettere CAO. De ûnderhannelings mei de minister ferrinne stroef. Boargemaster Crone hat wol begryp foar de aksjes fan de fakbûnen, mar de wylde aksjes wiist er ôf.