Benaud foar kosten nij gemaal

Grinslân wol net it foartou nimme by de bou fan in nij gemaal by Lauwerseach. Dat meldt RTV Noord. Neffens dy omrop is de provinsje benaud op te draaien foar de kosten fan in ûndersyk, mocht dêrút bliken dwaan dat it gemaal net nedich is. It CDA yn Grinslân hie de provinsje frege om it inisjatyf ta it gemaal te nimmen. Dat soe foarkomme kinne dat parten fan Grinslân lykas begjin dit jier ûnder wetter rinne. Doe pleite dykgraaf Van Erkelens fan wetterskip Fryslân ek al foar de komst fan it gemaal. Dat moat sa'n 180 miljoen kostje.