Fryslân yn race foar Olympics

In delegaasje fan de Special Olympics sjocht tongersdei yn Fryslân nei tal fan sportakkommodaasjes en foarsjennings. Dy kinne brûkt foar de Special Olympics yn 2014. Fryslân is ien fan de kandidaten om de Olympics te organisearjen. Oan it evenemint dogge jierliks sa'n 2500 sporters mei in ferstanlike beheining mei. Earder al is in saneamd bidbook yntsjinne. It komitee besjocht Sportstêd Hearrenfean, Rutersportsintrum Snits en it Starteilân. Begjin juny wurdt bekend wêr't de Olympics yn 2014 hâlden wurde.