Mear winst Oranjewoud

11 apr 2012 - 22:38

Yngenieursburo Oranjewâld, mei in festiging op It Hearrenfean, hat ferline jier flink mear omset helle, foaral troch de oername fan Strukton. Dat hat it bedriuw woansdeitejûn bekend makke. Ek de winst naam flink ta, mei 26 persint.

Strukton waard yn oktober 2010 kocht fan de Nederlandse Spoorwegen. Ferline jier koe de oername foar it earst meinommen wurde yn de sifers. Oer 2012 wol de direksje noch gjin ferwachting jaan. Mei troch de oername fan Strukton wurkje der by Oranjewoud goed 9000 minsken.

Trefwurden: 
Hearrenfean Oranjewoud
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)