Parasintrum It Amelân ticht

11 apr 2012 - 22:09

Op It Amelân kinne earst gjin parasjutesprongen makke wurde, omdat de fergunning fan it Parasintrum al sûnt 2003 ferrûn is. Al 21 jier organisearret it bedriuw parasjutesprongen. Earst wiene dat foaral duosprongen mei in ynstrukteur, mar de lêste jierren waarden ek faak kursussen organisearre.

Eigner Peter Liemberg seit dat er dat krekt die op fersyk fan de gemeente, om it toerisme te befoarderjen. Fierder fynt er it ûnearlik dat de gemeente him noait warskôge hat, wylst dat bygelyks by hoareka=ûndernimmers wol dien wurdt.

Hy ûntkent ek dat er tsjin de gemeente sein hat dat it bedriuw ophâlde soe. Foar de gemeente wie dat no krekt reden om de fergunnings te besjen. In nije oanfraach wurdt skerp besjoen, omdat de gemeente it fleanfjild op It Amelân nammentlik graach ferbetterje wol. Dêrby hearre bettere regels foar de feiligens.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)