'Tefolle tydlike boargemasters
Kommissaris fan de Keninginne Jorritsma moat ophâlde mei it beneamen fan tydlike boargemasters. Dat fynt de PVV yn provinsjale steaten. Fryslân hat yntusken acht fan dy tydlike boargemasters, foaral yn Noardwest-Fryslân. Guon fan har sitte der sa lang, dat der gjin sprake mear is fan in 'tydlike' beneaming, tinkt de PVV. De partij stelt der skriftlike fragen oer en wol dan ek witte oft it Ministearje fan Binnenlânske Saken dat allegear wol goed fynt. De Kommissaris fan de Keninginne wol noch net op de saak yngean.
In wurdfierder fan de Kommissaris seit dat it oanstellen fan in waarnimmer altyd dien wurdt yn goed oerlis mei de gemeenterieden. Fierder is der gjin inkeld sinjaal dat minister Spies it net iens is mei it oanstellen fan waarnimmers.