Keamerfragen oer sloopwerf

11 apr 2012 - 20:44

De Partij voor de Dieren hat keamerfragen steld oer de mooglike komst fan in skipssloperij yn Harns. Se wolle fan steatssekretaris Joop Atsma ûnder oare witte hokker konsekwinsjes sa'n werf foar it Waadgebiet ha sil. Se binne benaud foar fersmoarging en ekologyske rampen yn it natuergebiet. Dêrneist fine se de muoisume ferkeap fan yndustrygrûn gjin reden om dan mar sa'n bedriuw ta te stean.

Yn Fryslân hat de steatefraksje fan Friese Koers oer de mooglike komst fan de sloperij ek krityske fragen steld oan it kolleezje fan deputearre steaten. Friese Koers fynt dat de provinsje as mei-eigner gjin grûn ferkeapje moat foar de festiging fan sa'n sloopwerf.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)