File troch wylde aksje plysje

11 apr 2012 - 16:43

Plysjeminsken fiere woansdeitemiddei aksje op de rûnwei fan Ljouwert. It giet om in wylde aksje, dy't hâlden wurdt sûnder ynstimming fan de fakbûnen. Mei de aksje wurdt omtinken frege foar in bettere CAO. Plysje-auto's ride stadich op de rûnwei, sadat it oare ferkear ek stadich ride moat. Sa no en dan wurdt it ferkear ek hielendal stil set.

Plysjesminsken fierden earder woansdei ek al aksje foar in bettere CAO, doe mei ynstimming fan de fakbûnen. Troch dy aksje wie ûnder oare in tal plysjeburo's tusken njoggen en ien oere ticht.

Trefwurden: 
plysje-aksje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)