Fuotbalklups prate oer belied

© Bewurking Omrop Fryslân
Tweintich fuotbalklups út de Súdwest-Fryslân komme woansdeitejûn byinoar om te praten oer it nije sportbelied fan de gemeente. De fuotbalklups fine dat der op it stuit in soad ferskillen binne, omdat de klups te krijen hawwe mei it sportbelied fan de âlde gemeenten, fan foar de weryndieling.
Sa krijt de iene fuotbalklup folle mear subsydzje as de oare. Of yn it iene plak moat folle mear hier betelle wurde foar de fjilden as yn it oare plak. It doel fan de jûn is om de ferskate ideeën op elkoar ôf te stimmen.
Op de gemeentedei fan Súdwest-Fryslân fan 20 april kin dy fisy nei foarren brocht wurde.