Wer twa oanhâldings mûnebrân

De plysje hat opnij twa fertochten oanhâlden yn ferbân mei de brân yn Boerum. It giet om twa jonges út Kollum fan 14 en 15 jier. De plysje kaam se op it spoar nei tips fan tsjûgen en de ferhoaren fan de oare fertochten. De mûne fan Boerum baarnde Peaskesnein hielendal ôf, neidat in groep jeugd yn it doarp dwaande west hie mei fjoerpylken.
De plysje hat no mei-elkoar seis fertochten oanhâlden. Neist dizze jonges út Kollum giet it om twa jonges út Dokkum en twa út Warfstermole. De plysje slút net út dat der noch mear oanhâldings komme.