Fermiste hûn wer teplak

11 apr 2012 - 15:29

De hûn út Ljouwert, dy't woansdei fermist waard, is wer teplak. Dat twitteret de meldkeamer fan de plysje. De plysje frege woansdeitemoarn minsken yn Ljouwert út te sjen nei in mooglik agressive hûn.

It gie om in brune Bull Mastiff dy't fuortrûn wie fan de Roptastate yn Ljouwert. Ek burgernet wie ynskeakele om it bist te finen.

Trefwurden: 
agressive hûn
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)