VVV wol mear jongeren lûke

11 apr 2012 - 14:09

It VVV fan Ljouwert wurdt it measte besocht troch minsken yn de leeftiid fan 50 oant 65 jier. Dat docht bliken út ûndersyk fan de VVV-winkel sels. De measte besikers binne deitoeristen dy't foar ynformaasje oer bygelyks stedskuiers nei de winkel komme.

Jongeren komme noch net by it VVV. De winkel yn Ljouwert wol sjen hoe't se dy groep better berikke kinne. Sa wurdt tocht oan applikaasjes foar op de mobile telefoan of digitale ynformaasjepylders.

Trefwurden: 
VVV
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)