PVV fuortrûn by gearkomste

Otto van der Galiën fan de PVV
De steatefraksje fan de PVV is fuortrûn by in besletten gearkomste oer de Westergosône. Neffens fraksjefoarsitter Otto van der Galiën moat de diskusje yn alle iepenheid fierd wurde. De diskusje oer de Westergosône rint al jierren.
De PVV fynt it net mear fan dizze tiid om yn in besletten gearkomste de Steaten by te praten oer ûnderwerpen lykas dit. Neffens harren is dit in foarm fan achterkeammerkespolityk.