Léon Hese fuort by Cambuur

Leon Hese fan Cambuur
Sportklup Cambuur nimt nei dit seizoen ôfskie fan Léon Hese. It kontrakt fan de ferdediger rûn ôf en hy giet op syk nei in klup tichteby syn wenplak Arnhem. Hese fuotballe yn totaal trije seizoenen foar Cambuur en skoarde oant no ta seis kear.
De kâns is ek grut dat Oguzhan Türk nei dit jier fuort giet by Cambuur. Hy hat oanjûn in stap hegerop te wollen. Oan de oare kant skoot Cambuur takom seizoen Mark Diemers, in talint út de eigen jeugdoplieding, troch nei it earste alvetal.