Befeiligers fine himpkwekerij

11 apr 2012 - 10:32

Twa befeiligers ha tiisdeitenacht yn Ljouwert in 31-jierrige man oanhâlden. De man út Ljouwert hie ynbrutsen by in bedriuw oan de Marswei, op it yndustryterrein yn 'e stêd. De befeiligers diene krekt in ynspeksje by de Marswei, doe't se in auto fuortriden seagen.

De twa besleaten it gebou sels te ynspektearjen. Krekt op dat stuit rûn de 31-jierrige man de doar út. Hy waard oanhâlden en oerdroegen oan de plysje. Nei ûndersyk die bliken dat der in himpkwekerij yn it gebou siet mei mear as 750 planten.

Alle planten en apparatuer binne yn beslach naam en ferneatige. De Ljouwerter sit fêst.

Trefwurden: 
himpkwekerij
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)