Definsje krijt skip Friesland

11 apr 2012 - 10:28

De marine hat woansdei it nagelnije patrûljeskip Friesland oerdroegen krigen. Friesland is it tredde partrûljeskip yn in searje fan fjouwer nije boaten foar it ministearje fan Definsje. De earste hat de namme Holland krigen, de twadde Zeeland, de tredde dus Friesland en de fjirde komt ein fan dit jier en sil de namme Groningen krije. It skip is makke op de werf fan Damen Schelde.

Friesland sil oer hiel de wrâld ynset wurde, mar bygelyks ek boppe de Waadeilannen. Thúshaven fan it skip is Den Helder.

Trefwurden: 
Friesland patrûljeskip
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)