F16's oefenje mei bommen op Flylân

17 jan 2016 - 12:49

Yn de lêste wike fan jannewaris en de earste wike fan febrewaris, oefenje F-16's fan de Keninklike Loftmacht yn it smiten fan bommen op de NAVO-oefenlokaasje de Vliehors Range op Flylân.

It binne bommen fan 500-pûn it stik. Der wurdt moarns en middeis flein, mei útsûndering fan freedtemiddei. De F-16's fleane fan de fleanbasis yn Ljouwert ôf. Troch de oefening is de Vliehors Range op it eilân sletten foar it publyk. Dit wurdt oanjûn mei warskôgingsbuorden en reade flaggen.

It Bureau Geluidhinder fan de Koninklijke Luchtmacht docht lûdsmjittings.

Trefwurden: 
Vliehors F-16 oefening
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)