VVD rjochtet no al in Waadhoeke-ôfdieling op

17 jan 2016 - 12:18

De VVD-ôfdieling Waadhoeke wurdt no tiisdei oprjochte. Foarútrinnend op de gemeentlike weryndieling yn 2018, wurde de ôfdielingen It Bilt, Frjentsjerteradiel en Menameradiel opheft. Sy foarmje meielkoar de nije VVD-ôfdieling Waadhoeke.

It bestjoer fan seis minsken rjochtet him as earste op de weryndielingsferkiezings. Dêrneist wurde letter dit jier de fjouwer doarpen fan de gemeente Littenseradiel taheakke oan de ôfdieling. Dat binne Winsum, Spannum, Baaium en Wjelsryp.

Trefwurden: 
VVD Waadhoeke
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)