Restanten fiif potfisken oankaam yn Harns

De fiif potfisken dy't noch op Teksel leine, binne sneontejûn let oankaam yn Harns. De bisten binne op Teksel yn stikken snien en dêrnei binne de restanten mei kypweinen fan it strân ôf nei de haven brocht.
Mei in skip binne se nei Harns brocht. Fan dêrút gean de restanten fan de potfisken yn konteners nei destruksjebedriuw Rendac yn Brabân.
De kadavers binne ûndersocht troch it Walfiskteam fan ûndersyksynstitút Naturalis en it Dutch Wildlife Health Center fan de Universiteit Utrecht. Doel is ûnder oare de deadsoarsaak te efterheljen.