Follybalsters Snits ha it dreech tsjin Taurus, mar winne wol
De follybalfroulju fan Snits ha de wedstriid yn Houten mei 3-1 wûn fan Oskam Taurus. De setstannen wiene 25-17, 18-25, 13-25 en 28-30. Snits moast it dwaan sûnder Fenna Zeinstra en Simone Linstra. Nei it ferlies yn de earste set begûn it better te draaien oan Snitser kant. Yn de fjirde set gong it wer hiel dreech. In 21-17 efterstân waard lang om let omsetten yn in 30-28 winst. Snits bliuwt koprinner.