GrienLinks hâldt op mei 'www.laatliggendatei.nl'

16 jan 2016 - 16:11

GrienLinks hâldt foarearst op mei de petysje "laat liggen dat ei". Dat hat fraksjefoarsitter Retze van der Honing sneontemiddei witte litten. GrienLinks docht dat neidat de webside fan de petysje 'hackt' wie. Van der Honing beskuldige op twitter it Bûn fan Fryske Fûgelwachten (BFVW) fan it hacken, mar nuansearre dat letter wer by Omrop Fryslân.

Foarsitter Rendert Algra fan it BFVW ûntkent dat hy en oare BFVW-ers wat mei it platlizzen fan de GrienLinks webside te meitsjen ha. 

Minsken dy't de GrienLinks petysje tekenje woene, krigen in formulier te sjen dat de petysje fan it BFVW stipe. 

GrienLinks en it BFVW ha beide in webside yn de loft mei in petysje. GrienLinks om it meinimmen fan ljipaaien te ferbieden, it BFVW om it ljipaaisykjen yn gearhing mei de neisoarch ta te stean. GrienLinks hâldt nei it hacken no dus op. Der wiene ûngefear 550 sympatisanten. It BFVW giet gewoan troch mei harren aksje, dêr't oant no ta sa'n 1400 reaksjes binnen kamen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)