Ljouwerter Avondvierdaagse giet yn 2016 mooglik net troch

De 72e edysje fan de Ljouwerter Avondvierdaagse giet dit jier miskien wol net troch. De kuiertocht stiet pland foar 6 o/m 9 juny, mar der binne oant no ta net genôch frijwilligers om it trochgeaan te litten. It bestjoer hat 40 minsken nedich, mar hat der no noch mar trettjin. Ein maart wol it bestjoer in definityf beslút nimme.
Erik Mellema, foarsitter fan de Stichting Avondvierdaagse Leeuwarden docht in oprop oan minsken om frijwilliger te wurden. Hy is al mear as 23 jier warber foar de stichting en hopet dat it dochs trochgean kin.