Thialf op sneon fan NK sprint en allround al útferkocht

Fans yn Thialf © Martin de Jong
De sneon fan it Nederlânsk kampioenskip allround & sprint fan takom wykein op Thialf is hielendal útferkocht. Op dy dei ride de sprinters de twadde 500 en 1000 meter en ride de manlju allrounders de 5 kilometer en de froulju de 3 kilometer.
Op freed ride alle dielnimmers de 500 meter en de sprinters de earste omloop fan de 1000 meter. Op snein ride de allrounders dan noch de 1500 meter en de langste ôfstannen en wurde de allroundkampioenen bekend. Kaarten binne te bestellen fia www.schaatsen.nl