Begjinnend bestjoerder opnij pakt mei tefolle drank op

16 jan 2016 - 11:08

In 23-jierrige Ljouwerter is yn de nacht fan freed op sneon pakt om't er mei fierstente folle alkolhol op achter it stjoer siet. De Ljouwerter falt noch yn de kategory begjinnend bestjoerder, mar is al earder beboete foar it riden mei drank op. Hy blaasde 665 ug/l, wylst foar begjinnende bestjoerders 88 ug/l tastien is. Dit betsjut dat er syn rydbewiis ynleverje moast. De fertochte waard pakt by in reguliere kontrôle.

By de kontrôle die ek noch bliken dat de bannen fan syn auto te min profyl hienen, dêr hat er in ek boete foar krigen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)