Rotterdammers pakt foar stellerij yn boumerk Ljouwert

© ANP
Twa dieven út Rotterdam binne freed oanhâlden foar stellerij yn Ljouwert. It twatal fan 35 en 43 jier hat by in boumerk oan de Troelstrawei guod stellen, mar koe mei help fan in oplettende bedriuwslieder en kamerabylden oanhâlden wurde. De bedriuwslieder werkende de fertochten, om't se lanlik socht wurde foar stellerij by ferskate boumerken.
Hy notearde it kenteken fan de auto fan de dieven en ljochte de plysje yn. De twa koene dêrtroch letter op de dei yn Noard-Hollân pakt wurde. Se binne nei it plysjeburo yn Ljouwert oerbrocht.