'Lyts suske' Astersonic alternatyf foar útferkocht Eurosonic

15 jan 2016 - 23:45

By Poppoadium Asteriks yn Ljouwert waard freedtejûn in alternatyf organisearre foar it Eurosonic festival yn Grins: 'Astersonic'. Mei it festival wol it poadium minsken dy't gjin kaarten mear krije koenen foar it grutte Eurosonic festival, dochs noch in kâns jaan om guon fan dizze bands te bewûnderjen.

Bands út Ingelân, Denemarken Spanje wiene hjirby oanwêzich. Neffens organisator Peter Dijkstra is 'it lytse suske' fan Eurosonic de ideale gelegenheid foar bands om harren sjen te litten foar in lytser publyk.

Dijkstra seit dat der elts jier mear minsken op it evenemint ôfkomme. Neffens de organisator hat dat ek te krijen mei de tanimmende animo foar it grutte Eurosonic, wat dit jier al gau útferkocht wie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)