Easterbierrum moat ferkearsfeiliger wurde

Easterbierrum moat ferkearsfeiliger wurde
Easterbierrum moat in stik ferkearsfeiliger wurde. En dêrom is de gemeente Frjentsjerteradiel freed begûn mei wurksumheden oan de dyk. Der komt in 30-kilometersône, in boartersterrein yn it sintrum fan it doarp en de pleintsjes wurde op 'e nij ynrjochte. De gemeente hat it plan makke yn oparbeidzjen mei de doarpsbewenners. Dy woene al jierren dat de trochgeande dyk feiliger wurde soe.
"It hat lang duorre", seit de foarsitter fan it doarpsbelang Paul de Cock, "mar no komt der dan ek wat goeds."