Aksje opset op Facebook foar Ljouwerter âld-soldaat Akse

15 jan 2016 - 20:57

Op Facebook is freedtejûn in aksje opset foar de âld-soldaat Jitse Akse fan Ljouwert. De aksje hjit Justice for Jitse (Gerjochtichheid foar Jitse) en hat yn in pear oeren tiid al in soad likes krigen. 

De pagina is opset om Akse te stypjen en minsken kinne der berjochten diele en ynformaasje útwikselje. Tsjin 21:00 oere hie de pagina al hast 2000 likes.

Akse waard earder dizze wike oanholden yn Arnhem op fertinking fan it ombringen fan IS-striders yn Syrië. Hy hat even fêstsitten, mar is op dit stuit wer op frije fuotten. De plysje ûndersiket no wat der krekt wier is fan alles wat er sein hat yn de media. As dat ûndersyk klear is, sil it Iepenbier Ministearje bepale oft Akse ek ferfolge wurdt.

Trefwurden: 
Jitse Akse Facebookaksje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)