Apotekers sette ferkeap skyldkliermedisyn Thyrax op rantsoen

15 jan 2016 - 19:03

Fryske apotekers sette de ferkeap fan it skyldkliermedisyn Thyrax op rantsoen. Der driigje tekoarten no't de fabrikant Aspen de produksje op koarte termyn foar njoggen moannen ûnderbrekt fanwegen in ferhuzing. Wat der is, moat no sa earlik mooglik ferdield wurde. Pasjinten meitsje harren grutte soargen.

Apoteker Job Boiten fan Ljouwert neamt it beslút fan de fabrikant 'schandalig' en 'ongehoord'. Neffens him binne yn Nederlân acht fan de tsien skyldklierpasjinten ôfhinklik fan it medisyn fan Aspen.

De kwaliteit fan de alternativen is dik yn oarder, sizze de apotekers. De fraach is allinnich oft der genôch fan is. Dat wurdt in spannend momint, sa ferwachtet de Fryske Apotekersferiening. Pasjinten dy't krekt foar trije moannen harren medikaasje ophelle ha, krije foarearst neat mear. Minsken dy't sûnder sitte, gean no foar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)