Learlingen begjinne mei ruilhannel yn kennis & feardichheden

15 jan 2016 - 18:05

Ruilhannel yn kennis en feardichheden. Dat is it doel fan in inisjatyf fan de stichting Leerwens.nl dat freed úteinset is op de skoalle Piter Jelles !mpulse yn Ljouwert. In stichting en in webside om learlingen fan middelbere skoallen út hiel Fryslân mei-inoar yn kontakt te bringen, mei as doel fan inoar te learen. Wiskundebyles ruilje foar gitaarles, bygelyks. Dat skeelt yn de kosten, bygelyks foar húswurkbegelieding. Neffens de skoalle kin hiel Fryslân derfan mei profitearje.

De skoalle hat de gemeente Ljouwert, buertferieningen, bedriuwen en ynstellingen frege om mei te wurkjen oan Leerwens troch tsjinsten of produkten beskikber te stellen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)