Kollektiven agrarysk natuerbehear sille mear gearwurkje

15 jan 2016 - 17:22
(argyffoto) - Foto: Omrop Fryslân, Geale Groen

De sân kollektiven foar agrarysk natuer- en lânskipsbehear sille mear gearwurkje. Se ha in spesjaal orgaan oprjochte dêr't se allegearre yn fertsjintwurdige binne. Dit 'kollektiveberied' praat mei oerheden en organisaasjes, lykas de provinsje, jagers en natuerorganisaasjes.

Boeren dy't oan agrarysk natuerbehear dogge, wurde troch it beried ek stimulearre mear kennis op te dwaan. Foarsitter is Wilco de Jong. Hy is boer yn Nijeholtwâlde en wie earder foarsitter fan it Nederlands Agrarisch Jongeren Kontakt.

(advertinsje)
(advertinsje)