Yn Fryslân kochten 41 bedriuwen dubieus fleis by Selten

15 jan 2016 - 16:29

Tusken 2011 en 2013 ha 41 Fryske bedriuwen dubieus fleis kocht bij de fleisgruthannel Willy Selten yn Oss. Dat docht bliken út in list dy't de Nederlandse Voedsel- en Warenautoriteit publisearre hat. It fleis fan Selten moast doedestiids út de hannel naam wurde, omdat it bedriuw net dúdlik oantoane koe wêr't it weikaam.

Ek siet der hynstefleis yn it kowefleis dat Selten ferkocht. De ôfnimmers wisten dat net, doe't se it kochten. Yn Fryslân wiene der restauranten, slachterijen, supermerken en gruthannels dy't fleis kochten by Selten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)