FIDEO: Skjinne enerzjy, fan twaspjalt nei gearwurking

It liket it 'toverwurd' foar de takomst: enerzjyneutraal. Op in soad plakken yn Fryslân binne inisjativen yn it libben roppen om enerzjyneutrale mienskippen op te setten. Mar dat giet net sûnder slach of stjit. Wynmûnen bygelyks meie dan miljeufreonlik wêze, mar soargje ek foar wjerstân. Hjiroer giet 'Feroarkrêft', in dokumintêre fan Fryslân DOK, Doarpswurk en WaterLand Media.
Yn de dokumintêre wurde doarpsmienskippen folge yn harren ambysje om ta in enerzjyneutrale mienskip te kommen. In proses mei ups en downs. 'Feroarkrêft' wurdt op 13 en 14 febrewaris útstjoerd op NPO2 en Omrop Fryslân Telefyzje. Hjir alfêst in foarpriuwke.