Hantum Fitaal striidt foar in leefber doarp

15 jan 2016 - 13:14

De leefberheid fan Hantum stiet ûnder druk. Net fanwege de krimp, it doarp groeide de lêste tsien jier sels, mar fanwege it fertutearzjen fan it sintrum op 'e terp. In grut tal huzen dy't dêr wol 40 jier leech stiene, is no troch de doarpsstichting 'Hantum Fitaal' oankocht mei it doel se op te knappen en dan te ferkeapjen of te ferhieren. It giet om in rychje arbeiderswenten en in eardere slachterij mei wenhûs, winkel, slachthûs en skuorren.

In tal anonime doarpsbewenners hat hjir mear as in ton foar op it kleed brocht. De stichting hopet dat no ek oerheden, ynstellingen en banken oer de brêge komme om op de terp in hofke te realisearjen mei enerzjy-sunige wenten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)