Mear bêden yn nachtopfang Zienn fanwege winterregeling

15 jan 2016 - 12:15

De winterregeling fan nachtopfang Zienn is sûnt freed wer fan krêft. Dat betsjut dat der mear bêden binne yn de nachtopfang yn Ljouwert. Dêr binne gewoanwei 40 plakken. No't de temperatueren nachts om it friespunt lizze, wurde dêr no 52 bêden klearset.

Ek yn it Sosjaal Pensjon Snits kinne dak- en thúsleazen terjochte. Dêr is ien needkeamer beskikber, mei fjouwer bêden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)