UPDATE: Steuring DAB+ by Omrop Fryslân is foarby

15 jan 2016 - 16:55
Foto: Omrop Fryslân

De radiosteuring yn it nije digitale systeem DAB+ is foarby. Troch in probleem by de provider kaam der fan 'e moarn gjin lûd út de radio by minsken dy't it digitale systeem brûke. Omrop Fryslân wie dêrtroch foar guon minsken hielendal net te ûntfangen.

(advertinsje)
(advertinsje)